Grinzer sjauffeurs op kursus

19 jul 2010 - 14:29

De bussjauffeurs fan Qbuzz yn Fryslân dogge it in stik better as harren kollega's yn Grinslân. De Grinzers ha it lêste healjier foar seis ton oan skea oan de bussen feroarsake. De sjauffeurs yn Grinslân moatte no fan Qbuzz op rydkursus om it skeabedrach nei ûnderen te bringen.

Qbuzz wol net sizze hoefolle skea de Fryske sjauffeurs makke ha. Wol sizze se dat it in stik leger is as yn Grinslân en dat der yn Fryslân gjin reden is foar ekstra rydtrenings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)