Lottowinnares meldt har

De lottomiljonêr út Fryslân hat har meld. Ferline wike die de Lotto in oprop oan de miljonêr om har lot te fersulverjen. De frou dy't sels keazen hie foar de winnende getallen 1-22-25-26-32-39 is hiel ferrast dat se in miljoen wûn hat. Se wit noch net wat se dwaan sil, mar wol dêr mei har man ris goed oer neitinke.
De frou hat it lot kocht by de Primera yn Easterwâlde. Dêr sil nije wike freed taart en iis wêze foar alle klanten.