Tipjild hûnefersûper omheech

19 jul 2010 - 11:41

De beleanning foar de tip dy't soarget foar it oanhâlden fan de persoan dy't by Harns in hûn fersûpt hat, leit yntusken boppe de 1500 euro. Ferline wike wie al 400 euro beskikber. Dêrnei hawwe partikulieren dat bedrach ferhege mei ferskate lytsere bydraggen.

De hûn waard by it Roptagemaal fûn, hy siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen. Omdat de hûn gjin chip hie, is de eigner net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)