Ynbraak yn kelderboksen

Yn acht kelderboksen oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert is ynbrutsen. In bewenner fan in wenning yn dy strjitte ûntduts dat by him ynbrútsen wie. Doe't de plysje kaam seagen se dat by noch sân oare boksen ynbrutsen wie. Der binne ûnder oaren fytsen stellen. By noch wer sân oare boksen is besocht yn te brekken.
Alle dupearren is frege om oanjefte te dwaan. Ek op oare plakken yn de stêd binne kelderboksen iepenbrutsen.