Flinke winst Philips

19 jul 2010 - 09:51

Philips hat yn it twadde fearnsjier 262 miljoen euro winst makke. Dat is goed 200 miljoen mear as ferline jier. De omset is ek heger wurden en is no 6,2 miljard. Alle trije ôfdielings diene it goed. Lampen, medyske apparatuer en konsuminte-elektroanika waarden goed ferkocht.

Dy lêste wurdt ûnder oare makke yn it fabryk fan Philips yn Drachten en soarge foar in winst fan 20 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)