Duorsume brânstof noch dreech

19 jul 2010 - 09:46
  • In elektryske auto oan de laadpeal

De ynfiering fan duorsume brânstof foar auto's giet dreech. De trije noardlike provinsjes hawwe in skoft lyn ôfpraat dat yn 2015 hûnderttûzen auto's op duorsume enerzjy ride moatte. Mar sa fier is it noch net.

Biobrânstoffen lykas biodisel en bio-ethanol wurde troch partikulieren noch hast net brûkt. Dat komt ûnder oare trochdat yn Nederlân de prizen foar de duorsume brânstof te heech binne omdat der gjin belêstingfoardiel of oerheidssubsydzje jûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)