Fierljepper Hobma skorst

18 jul 2010 - 15:38
  • Thewis Hobma is ien wedstriid skorst

Fierljepper Thewis Hobma is sneontejûn by it Keningsljeppen yn Burgum skorst. De topklasser út Easthim gie yn syn lêste finalesprong fier út koers, mar klom dochs troch en kaam foar de middelste skâns yn it wetter.

Neffens de technyske kommisje levere dit ûnnedich gefaar op foar himsels en oare ljeppers. Om dy reden krige Hobma de 'reade kaart'. Dat is seldsum by it fierljeppen. Kommende tiisdei op 'e Jouwer mei Hobma no net meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)