Bestjoerder mei GHB pakt

18 jul 2010 - 15:17

In automobilist (30) fan It Hearrenfean is sneontemiddei oanhâlden om't er mei drugs op ûnderweis wie. In plysjeman seach de auto slingerjen en warskôge kollega's. De man is yn Ljouwert oan de kant set.

De bestjoerder wie net ûnder ynfloed fan alkohol of drugs, mar de byrider wie dat nei alle gedachten wol. Hy soe GHB brûkt ha en siet earder achter it stjoer. Op it plysjeburo is him in bloedproef ôfnaam. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)