Grutte kontrôle by Lauwersmar

18 jul 2010 - 14:42

Op en om de Lauwersmar hat sneon in grutte plysjekontrôle west. De Fryske plysje wurke mei de Grinzer kollega's. Twa fan de 1033 kontrolearre bestjoerders hiene tefolle dronken. Ien dêrfan moast rydbewiis en auto ynleverje. Der binne 19 boetes útdield foar te hurd ride en it net dragen fan in riem.

Twa fiskers binne trappeare op fiskjen mei libben aas. Twa minsken foeren sûnder lyts farbewiis en in kitesurfer surfte op in plak dêr't dat net mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)