Jonge leppelbek op Gryn

18 jul 2010 - 13:25
  • (foto: Omrop Fryslân)
  • (foto: Omrop Fryslân)

Nederlân is in tolfde koloanje leppelbekken riker. De fûgels sitte yn Fryslân, op Gryn. It lytse eilantsje by Skylge is ferbean foar minsken. Yn briedtiid binne der twa fûgelwachters. Sy hiene seis wiken net yn de kwelder west om gjin nêsten te fersteuren.

Sneon binne jonge leppelbekken ringe. Op de trije nêsten wie ien libjend jong. It is de earste op Gryn berne leppelbek. Ferline jier besochten leppelbekken ek te brieden, mar dat slagge doe net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)