Autospegels Snits fernield
Op It Kleinzand yn Snits binne sneontenacht fan in pear auto's de spegels fernield. In tsjûge seach dat in man fan 21 jier mei de fernielings dwaande wie. Hy warskôge de plysje en dy koe de man letter oanhâlde.
De man moast mei nei it plysjeburo en is yn de sel set yn ferbân mei it ûndersyk nei de fernielings.