Lemster botst tsjin auto

18 jul 2010 - 12:50

Op De Lemmer is sneontenacht in jonge (19) oanhâlden. Hy wie mei syn auto tsjin de auto fan in Dútske toerist riden. De Dútser siet te fiskjen by de feart njonken de Koaiwei. Hy seach de Lemster riden en hearde in klap doe't syn auto rekke waard. De Lemster ried lykwols troch.

De plysje stelde in ûndersyk yn en koe de man oanhâlde. Dy ûntkende earst dat er in oanriding feroarsake hie. Op it plysjeburo joech er ta dat hy tsjin de auto fan de Dutser oanriden wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)