Hege skoare WMO-loketten

De WMO-loketten yn de Fryske Súdwesthoeke skoare goed. Dat docht bliken út de resultaten fan it WMO-tefredenheidsûndersyk 2009. Dêr hawwe hast 550 WMO-kliïnten yn de gemeenten Snits, Wûnseradiel, Wymbritseradiel, Boalsert, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân oan meidien.
De help by it húshâlden krijt in 7,9. It sifer foar de helpmiddels lykas scootmobyl en rolstoel is 7,3. De kliïnten jouwe in 7,4 foar de oanfraachproseduere.