Swimplak De Leijen opknapt

18 jul 2010 - 09:41
  • De Leijen út de loft wei (argyf)

It swimplak by de Leijen by De Pein wurdt de kommende wike opknapt. Doarpsbelang hie dat frege oan de gemeente. De wurksumheden begjinne moandei. Earder koe net yn ferbân mei it briedseizoen.

It swimplak is troch it wurk in wike net te brûken. It strantsje wurdt grutter makke en ophege. It is de bedoeling dat it Baayersplak fan moandei 26 july wer te brûken is. By swimplak De Leijen oan de Rottefalster kant kin wol swimd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)