Dingsdag nei FC Sion

Michael Dingsdag is offisjeel spiler fan FC Sion. Ien dei foar de start fan de Switserske kompetysje is de transfer befêstige.
De âld-spiler fan SC Hearrenfean wie persoanlik al rûn mei de klup, mar siet noch yn 'e wachtkeamer. Dat hie te krijen mei it feit dat Sion in transferferbod oplein krigen hie fan de FIFA. Dit nei oanlieding fan ûnregelmjittichheden fan in transfer út 2008. It Switserske bûn oardielde dat it ferbod net rjochtsjildich is.