Nije CAO foar Douwe Egberts
Der is in prinsipe-akkoart foar in nije CAO fan Douwe Egberts. Twa en in heale wike lyn waard der by de festiging op De Jouwer in poartaksje hâlden om't de fakbûnen en de wurkjouwers it net iens wurde koene oer dy CAO.
Memmebedriuw Sara Lee woe daliks ek ôfspraken meitsje oer de pensjoenen, mar de fakbûnen seagen dat net sitten. No is besletten dat der apart oer de pensjoenen praat wurde sil.