Oanlis fytstunnel giet fluch

16 jul 2010 - 15:56

De bou fan de fytstunnel ûnder it Oostergoplein yn Ljouwert giet flugger as tocht. De earste fytsers kinne der sa't it no liket al yn novimber gebrûk fan meitsje. De planning wie dat de tunnel ein desimber iepen gean soe. Ek falt it projekt goedkeaper út. It projekt wie rûsd op 14 miljoen euro en it liket no by 11 miljoen te bliuwen.

De nije tunnel ûnder it Oostergoplein moat der foar soargje dat fytsers en it oare ferkear makliker de stêd yn en út ride kinne en better trochride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)