Nije sponsors foar Snitswike

16 jul 2010 - 14:39

Yn in tiid dat it dreech is sponsors te finen foar grutte eveneminten hat de organisaasje fan de Snitswike de wyn aardich yn de seilen. Besteande sponsors ferlingden de kontrakten.

Ek is de Keninklike Wettersportferiening Snits deryn slagge om mar leafst trije nije haadsponsors te finen. It giet om Unilever, Samsung en Dong energy. De 75ste edysje fan de Snitswike set útein op 7 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)