Fersterking foar VC Snits

16 jul 2010 - 14:04

VC Snits hat him opnij fersterke mei twa nije spylsters. Libero Grace Ybema hat in jier net spile, mar komt no wer werom. Ek Saskia Bos is in nij gesicht yn de seleksje fan coach Derk de Saegher. De 20 jierrige Bos komt oer fan it Grinzer Donitas dat útkomt yn de earste divysje.

Neffens De Saegher moatte der noch minimaal trije spylsters bykomme. Sa hat hy mar ien libero en twa bûtenoanfallers yn syn seleksje. Op 9 oktober set it follybalseizoen útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)