Kampioensflagge: 800 ideeën

Der lizze yn Dokkum noch sa'n 2500 kampioensflaggen
De Dokkumer Vlaggencentrale hat goed achthûndert reaksjes krigen op de oprop om mei ideeën te kommen foar in nije bestimming foar de kampioensflaggen. It bedriuw hie 10.000 kampioensflaggen makke omdat Oranje yn 'e finale fan it WK-fuotbal stie. Troch it ferlies yn dy finale binne der 2500 flaggen lizzen bleaun.
De Dokkumer Vlaggencentrale rôp it publyk op om te betinken wat der mei de flaggen barre moat. Goed 800 partikulieren en bedriuwen ha dat dien.