Famke falt fan hynder

16 jul 2010 - 11:06

In famke fan 15 jier fan Bueren op It Amelân is tongersdeitejûn ferwûne rekke nei in fal fan har hynder. In frou seach it hynder mei sadel en al sûnder ruter oer strjitte rinnen.

Se fertroude it net en gie op ûndersyk út. Se seach it famke bewusteleas op strjitte lizzen en belle alaarmnûmer 112. It famke is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. It is noch ûndúdlik wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)