Gaswacht oer nei Energiewacht

© Omrop Fryslân
It Gordykster bedriuw Gaswacht is fusearre mei de Energiewacht Groep út Zwolle. It fúzjebedriuw hat festigings op De Gordyk en yn Deventer, Zwolle, Lelystêd en Zwaagdijk. De namme fan it nije bedriuw is Energiewacht Gaswacht Groep. Auke Peringa, de direkteur fan Gaswacht út De Gordyk, krijt de lieding oer it nije bedriuw.
It servicebedriuw hat 220 meiwurkers, 200.000 klanten en in omset fan 26 miljoen euro yn it jier. De bedoeling is om noch fierder te groeien.