Marrekrite dupearret haven Rie

15 jul 2010 - 20:02

De passantehaven fan Rie sit yn finansjeel min waar. De lytse haven hat op it stuit mar de helte fan de ynkomsten dy't se foarich jier hiene. Der lizze no hielendal gjin boaten mei fakânsjegongers wylst dit oare jierren wol it gefal wie.

Neffens de havenmaster komt dit om't even fierderop oanlisplakken fan de Marrekrite oanlein binne en dy binne fergees. Neffens de havenmaster kin dit wolris it ein fan de haven wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)