Ekstra ûndersyk moardsaak

De 47-jierrige haadfertochte yn de moard op Pytsje Bouma moat neffens it Iepenbier Ministearje psychiatrysk ûndersocht wurde. Dat waard tongersdei dúdlik op in rjochtsitting yn Ljouwert.
De 69-jierrige Pytsje Bouma waard healwei maart mei in mes om it libben brocht yn har flat oan de Froonacker yn Frjentsjer. Har skoandochter is as haadfertochte oanhâlden, mar se ûntkent. Har bloed is lykwols oantroffen yn de wente fan frou Bouma.