Geitefokferbod opheft

Foto: Omrop Fryslân
Geitefokkers hawwe in flinke strop hân troch it fok- en ferfiersferbod. Dat seit fokker en melker Herman van der Veen fan Makkum. It ferbod is no opheft nei't it ferline jier desimber yngie. De reden dêrfoar wie de Q-koarts. Mear as 50.000 geiten binne romme en hast alle fokkers lieten de bisten ynintsje tsjin de sykte.
No is de saak wer ûnder kontrôle. It sil lykwols noch wol trije jier duorje foardat de bedriuwen der wer boppe-op binne. Guon sille ek fallyt gean.