Doutzen Kroes sil trouwe

15 jul 2010 - 16:12

It Frykse supermodel Doutzen_Kroes sil trouwe. Dat hat se sein tsjin de Amerikaanske krante The New York Post. Har freon, de Amsterdamske dj Sunnery_James, hat yn jannewaris in oansyk dien. Dit jier sille se mekoar noch it ja-wurd jaan.

Doutzen en Sunnery ferwachtsje yn jannewaris in berntsje. It 25-jierrige Eastermarder model is no trettjin wike hinne. In pear wiken ferlyn wie se noch by de Dancetour by de Aldehou yn Ljouwert dêr´t Sunnery ek draaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)