Syljacht omslein op Fluessen

15 jul 2010 - 15:07

Op de Fluessen is tongersdeitemiddei in syljacht omslein. It barde om healwei trijen hinne. De helptsjinstenbinne rukten manmachtich út om eventuele slachtoffers te rêden. Dûkploegen, ambulânses, plysjes en brânwachtminsken giene de mar op om help te ferlienen.

Mar de opfarrenden fan 'e boat wiene al yn feiligens brocht doe't de helptsjinsten oankamen. Se wiene út it wetter helle troch oare wettersporters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)