Nikki mei livestream by NW

15 jul 2010 - 14:07

De fan Idols bekende sjongeres Nikki Kerkhof stjoert har eigen optreden yn Omrop Fryslân radioprogramma Noardewyn woansdei mei in livestream út op ynternet. Byld, lûd en ferbining fersoarget de sjongeres út it Brabânske St. Oedenrode mei har eigen laptop.

Nikki is yn Noardewyn te gast omdat koartlyn har eigen album ´Let it go´ útkaam. Neffens presintator Douwe Heeringa binne album en sjongeres tige de muoite wurdich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)