Minsken fan fêstrûn skip helle

15 jul 2010 - 11:20

Rêdingstsjinsten hawwe woansdei fjouwer minsken fan 'e platboaiem Bonte Walvis helle. Dy wie op it Waad by Skylge fêst kaam te sitten op in sânplaat.

De rêdingstsjinsten moasten in rubberboatsje ynsette om by it skip te kommen. De fjouwer bemanningsleden binne op dat boatsje meinaam. It skip sels sil by heech wetter fuorthelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)