Wanbeteller út bus helle

15 jul 2010 - 10:21

In 50-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is woansdei troch de plysje yn Ljouwert út in bus helle. Dy plysje wie troch de sjauffeur ynskeakele omdat de man gjin jildich kaartsje by him hie. Earder hie de sjauffeur de man ek al frege om út de bus wei te gean, mar dat woe er net.

De wegerachtige buspassazjier hat in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)