Warskôging foar badgasten

15 jul 2010 - 10:17
  • Foto: Omrop Fryslân

De plysje ropt badgasten op 'e Waadeilannen mei klam op de oanwizings fan strânwachten dochs foaral op te folgjen. Woansdei gie it mis op Skylge. Dêr ferdronk in jonge (17) út Krommenie en rekke in ynwenner (20) fan De Fochtel swierferwûne. Hy is opnaam yn it UMCG yn Grins. Beiden waarden ûnder wetter lutsen troch de sterke streaming yn kombinaasje mei de krêftige sudewyn.

De strânwachten hiene oanwizings jûn net de see yn te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)