Frou swier mishannele

15 jul 2010 - 10:07

In 53-jierrige frou is woansdeitejûn op 'e Boskleane yn Appelskea swier mishannele troch in 57-jierrige man. De twa hiene rûzje krige. De frou rekke dêrby ferwûne oan de holle.

De frou is nei de mishanneling mei har skoandochter yn 'e auto stapt en fuortriden. Underweis waard it slachtoffer net goed en is it alaarmnûmer belle. De frou is doe mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De 57-jierrige man is oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)