Skipper lit oalje lekke

Stedsgrêft Westersingel yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Wetterskip Fryslân hat tiisdeitejûn op de Westersingel yn Ljouwert proses-ferbaal opmakke tsjin in skipper foar oaljefersmoaring. Troch de grutte fersprieding koe de oalje net opromme wurde. Yn de rin fan 'e dei dêrnei is de measte oalje ferdampt.
De skipper hie in flater makke by it tanken, wêrtroch't de oalje yn it wetter telâne kaam.