SC Hearrenfean wint mei 16-0

15 jul 2010 - 09:05

Sportklup Hearrenfean hat it trainingskamp op Skylge ôfsletten mei in 16-0 oerwinning op in seleksje fan dat eilân. Yn de twadde helte fan de wedstriid makke Youssef El Akchaoui syn debút foar Hearrenfean. Hy makke ek fuort in doelpunt.

Roy Beerens en Oussama Assaidi wiene topskutters mei beide trije goals. Geert Arend Roorda makke der twa. De oare goals kamen op namme fan: Fazli, Elm, Bak Nielsen, Papadopulos, Breuer, Djuric en Djuricic.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)