Kwalik skea troch minne waar

15 jul 2010 - 06:52
  • Foto: Remon Koene

It minne waar fan woansdei hat kwalik foar skea soarge yn Fryslân. Allinnich by in pleats oan de Maden yn Appelskea binne in tal dakplaten fan in krekt boude lisboksstâl waaid. De brânwacht moast der oan te pas komme om de platen op te romjen en fêst te setten. Yn Burgum foel hast in grutte tûke op 'e dyk.

Yn it foar wie warskôge foar grutte oerlêst. Dat foel ta omdat it swiertepunt fan de buien oan de súdeastkant oan Fryslân foarbygie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)