Doutzen yn ferwachting

14 jul 2010 - 18:47
  • Doutzen Kroes (foto: Omrop Fryslân)

Doutzen Kroes is yn ferwachting. Dat makke it topmodel woansdeitejûn bekend yn de Telegraaf en by RTL Boulevard. Kroes hat in relaasje mei de Amsterdamse dj Sunnery James. Se is 25 jier.

Se ferwachtet har berntsje oer in heal jier. It Eastermarder model tinkt dat har swangerskip har modellekarriêre net hinderje sil. Wol sil se in skoftke net foar har opdrachtjouwer Victoria's Secret wurkje, dêrfoar showt se linzjery.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)