Jonge (17) ferdrinkt op Skylge

14 jul 2010 - 16:47

In jonge fan 17 is woansdei ferdronken yn see by Midslân op Skylge. In twadde swimmer fan 20 koe krekt op 'e tiid út it wetter helle wurde, mar is yn kritike tastân mei de traumahelikopter nei it sikehûs fan Grins brocht.

De rêdingsbrigade wie dwaande de 20-jierrige te reanimearjen, doe't trije jonges flakby harren 17-jierrige freon út it wetter hellen. Hy koe net mear rêden wurde. Beide jonges binne gjin kunde fan de oar. Se wiene beide op fakânsje op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)