Tariedings op min waar

14 jul 2010 - 16:11

Boatsjeminsken, kampinggasten en wettersporters. Eltsenien makket him klear foar it minne waar fan woansdeitejûn. It KNMI en ek de Fryske waarmannen foarsizze hurde wynstjitten, tonger en in soad rein.

Yn Hylpen farre in soad boaten al betiid yn 'e middei de haven binnen. En wettersporters hjir op'e Iselmar wurde troch de kitesurfskoalle warskôge as se te let op 'e middei noch it wetter op geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)