Jordan nei Wesley en Yolanthe
De Ljouwerter topkapper Richard Jordan sil der dit wykein foar soargje dat de famylje fan Wesley Snijder en Yolanthe Cabau van Kasbergen der tiptop útsjocht.
De fuotballer en de tv-presintatrise trouwe sneon yn it Italiaanske Toscane en sille dêr trije dagen feestfiere.