SAR-helikopter fiif kear ynset

14 jul 2010 - 14:12

De SAR rêdingshelikopter is tiisdei fiif kear ynset om pasjinten te ferfieren. De helikopter is stasjonearre op de fleanbasis Ljouwert. Fjouwer kear waard flein fan Skylge nei it sikehûs yn Ljouwert.

It gie om pasjinten mei nekletsel, in harsenblieding, in brutsen earm en hertklachten. Ien pasjint waard ferfierd fan Skylge nei it sikehûs yn Grins. De rêdingshelikopters ha as belangrykste taak it rêden fan piloaten út it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)