Haan lulk op seeswimmer

Seeswimmer Christian kaam opmerklik fit oan op Flylân (foto: Het Ommetje.nl)
Boargemaster Yorick Haan fan Flylân is min te sprekken oer de swimaksje fan Christian de Kleijn (19). Tiisdei swom hy fan Skylge nei Flylân. Sportyf sjoen in hiele prestaasje, mar neffens Haan libbensgefaarlik.
It stik tusken de Waadeilannen is in drokke skipfeartrûte en der stiet in sterke streaming. It is net ferantwurde om hjir sûnder begelieding te swimmen. Boargemaster Yorick Haan wol sjen oft der juridyske stappen tsjin de jonge nommen wurde kinne.