Friesinger hâldt op mei riden

14 jul 2010 - 12:16

Anni Friesinger hâldt op mei reedriden op topnivo. De 33-jierrige mearfâldige Wrâld- en Europeesk kampioene, dy't boppedat trije gouden Olympyske medaljes wûn, hat tefolle lêst fan har knibbel. In operaasje oan dy rjochter knibbel hat net holpen.

Friesinger, dy't troud is mei Ids Postma en yn Dearsum wennet, hie graach ôfskie nimmen wollen mei it WK ôfstannen yn 2011 op de har sa fertroude baan fan Inzell.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)