Fersûpte hûn: noch gjin tips

14 jul 2010 - 11:45

De plysje hat noch gjin tips krigen oer de deade hûn dy't earder dizze wike yn it wetter fûn waard by Roptasyl. It bist siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen. De plysje giet der dêrom fanút dat it bist mei opsetsin yn it wetter smiten is.

De hûn waard fûn troch in meiwurker fan it wetterskip. Omdat er gjin chip hat is de eigner net bekend. De plysje hopet troch tips dochs achter dy eigner te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)