Frou (64) ferwûne by botsing

14 jul 2010 - 10:15

In frou fan 64 út Noardburgum is tiisdei ferwûne rekke by in oanriding yn Broeksterwâld. De frou siet as passazjier yn in auto dy't by it ôfslaan op de Molewei fan achteren oanriden waard troch in oare auto.

De bestjoerster dêrfan seach te let dat de auto foar har ôfremme. De ferwûne frou is mei rêchklachten oerbrocht nei it sikehûs. De oare twa belutsen kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)