Jannick de Jong 2e yn Frankryk

14 jul 2010 - 08:48

Jannick de Jong is yn it Frânske Marmande twadde wurden yn de tredde wedstriid om de wrâldtitel gersbaanracen. De Gordykster stie nei de fjouwer searjes ek twadde. Hy wûn dêrnei syn heale finale, mar yn de grutte finale wie de Fin Joonas Kylmäkorpi de bêste.

De Friezen Theo Pijper en Dirk Fabriek hellen ek de grutte A-finale. Pijper waard tredde, Fabriek sechsde. Nei trije fan de seis wedstriden stiet Kylmäkorpi mei 81 punten earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)