'Gjin huzebou hynstesintrum'

Foto: Omrop Fryslân
De FNP yn Smellingerlân makket him soargen oer de plannen foar bebouwing fan it terrein fan it hynstesintrum yn Drachten. De eigner fan it sintrum wol de bestimming ferromje, sadat der ek wentebou mooglik is. Oan de gemeente Smellingerlân is frege dêr de saneamde Krisis- en Herstelwet te brûken.
Neffens de FNP yn Smellingerlân is bebouwing tsjin alle eardere ôfspraken yn.