Muzykles yn ruil foar vuvuzela

13 jul 2010 - 16:56

Minsken yn Appelskea en omkriten mei in vuvuzela kinne fiif fergese muzyklessen op in blaasynstrumint krije yn ruil foar in vuvuzela. Muzykferiening Laudando hâldt dermei in ludike aksje.

It idee ûntstie neidat de ledewerfaksje by jongerein net fan 'e grûn kaam. Dy waard earder altyd mei sintrum foar de keunsten A-7 opset, mar dat is fallyt. Wat de muzykferiening mei de vuvuzela's dwaan sil, witte se noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)