Mûnewyk wol gjin garaazje

Gemeentehûs Achtkarspelen yn Bûtenpost (foto: Omrop Fryslân)
Bewenners fan 'e Mûnewyk yn Bûtenpost binne benaud dat der mooglik in garaazjebedriuw yn 'e wyk komt. Se sizze dat se in kavel kocht hawwe mei it idee dat der kantoaren komme koene. Op in garaazje hiene se net rekkene.
De gemeente Achtkarspelen jout ta dat plannen foar kantoaren oant no ta net fan de grûn komme. Dêrom is it te ferdigenjen dat in garaazjebedriuw tastimming krige hat foar in festiging. De buert hie yn 't foar bettere ynformaasje hawwe wollen.