Slûs by Snits stikkenmakke

13 jul 2010 - 12:11

De Griendykstersylslûs by Snits yn de Aldfeart is al sûnt oardel wike net mear te brûken. Ien fan 'e skowen fan de selsbetsjinningsslûs dêr't wetter troch ynlitten wurdt, is stikkenmakke. Dêrtroch kin der net skut wurde. Foar de Middelseerûte moat no in ein omfearn wurde.

In dûkteam moat de skea reparearje. Dat bart nei alle gedachten freed, as it waar it talit. De slûs moat sneon wer klear wêze. Om sokke skea tenei te foarkommen wurdt de konstruksje oanpast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)