Noarden wol seemûnepark bouwe

13 jul 2010 - 12:00
  • Foto: Omrop Fryslân

Bedriuwen, ynstellings en havens yn it Noarden hawwe ôfspraken makke om yn te spyljen op 'e komst fan twa grutte wynmûneparken op 'e Noardsee. Ien dêrfan komt by Skiermûntseach.

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij wol dat safolle mooglik wurk útfierd wurdt troch bedriuwen yn it Noarden. Dy bedriuwen binne faak yn ferhâlding lyts. Om in kâns te meitsjen by de grutte, bûtenlânske bedriuwen en enerzjymaatskippijen moat der gearwurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)